Wetter yn argyfkelder stedhûs Harns

05 jul 2015 - 14:36

De kelder fan it stedhûs yn Harns is sneontenacht ûnder wetter rûn. Dêr stiet it argyf fan de gemeente. Sa't it no liket is der gjin skea oan it argyf. Der stienen wol in pear doazen op 'e grûn mei dossiers dy't wiet wurden binne.

Der wurdt op it stuit ûndersyk dien nei wêr't it wetter weikomt. It kin wêze dat in wetterlieding flakby it stedhûs knapt is. Dêrom wurde de wetterliedings mei help fan graafmasines opgroeven. De kelder wurdt no mei luchtkanonnen droech makke.

Snein is de stjitte oan de achterkant fan it stedhûs op twa plakken iepen makke om it lek yn de wetterlieding te sykjen, mar der is neat fûn. Moandei giet de syktocht fierder. Mooglik sit it lek ûnder it kariljon.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)