Grutte brân yn pleats yn Muntsjesyl

05 jul 2015 - 14:11
  • Grutte brân yn pleats yn Muntsjesyl
  • Grutte reekwolken by brân Muntsjesyl
  • Grutte brân yn pleats yn Muntsjesyl
  • Grutte brân yn pleats yn Muntsjesyl

Yn in ikkerboubedriuw by Muntsjesyl is op dit stuit in grutte brân. De pleats stiet oan de Nitterswei, flak oan de âlde seedyk. De brân ûntstie om tsien foar twaen, mooglik troch in ynslach fan de wjerljocht. Der ûntstie earst brân yn de skuorre, mar al gau sloech de brân oer nei in twadde skuorre en nei it wenhûs. Alle persoanen binne derút.

Neffens de brânwacht is de skea enoarm. Fan it bedriuw sil nei de brân net folle oer wêze.

By de brânbestriding is in brânwachtman fallen en ferwûne rekke oan it ear. Hy giet foar de sekerheid nei in dokterspost. De tsjokke reekwolken gean rjochting Dokkumer Nije Silen. De brânwacht warskôget minsken út de reek te bliuwen. Ek freget de brânwacht om de helpferlieners safolle mooglik de romte te jaan.

De brânwacht lit it fjoer no ûnder kontrôle útbaarne. Nei alle gedachten sille se dêr oant yn de jûn mei dwaande wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)