Súdwest-Fryslân heart by de top wat sinne-enerzjy oangiet

05 jul 2015 - 13:43

Súdwest-Fryslân heart by de top fan Nederlân as it giet om sinne-enerzjy. Dat makket Natuur & Milieu bekend. Nei Amsterdam en Zwolle hat Súdwest-Fryslân de measte sinnepanielen. Dat komt neffens Natuur & Milieu ek troch de bewennersjûnen oer enerzjybesparring yn Súdwest-Fryslân. Fierders binne der tsien oant fyftjin inisjativen foar enerzjy-koöperaasjes. Dat is neffens Natuur & Milieu in opfallend heech tal.

Oare grutte Fryske gemeenten mei sawat likefolle ynwenners en huzen dogge it minder. Ljouwert stiet op plak 18 en Smellingerlân op 76.

As sjoen wurdt nei it tal ynwenners sjocht de list der oars út. by de tsien bêste gemeenten komt dan gjin Fryske gemeente foar.

It tal sinnepanielen is de lêste jierren wol yn hast alle gemeenten bot tanaam. Op dit stuit wurdt fyftich kear safolle elektrysk fermogen opwekt mei sinnepanielen as yn 2008. Oer fiif jier soe Nederlan 14 persint fan syn enerzjy opwekke moatte, sa is ôfpraat yn it SER-enerzjyakkoart fan oerheden, bedriuwslibben en miljeuorganisaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)