Brân by Bosma Logistiek Hearrenfean troch poetsdoeken

05 jul 2015 - 13:22

By it bedriuw Bosma Logistiek op it Hearrenfean is snein om healwei ienen brân ûntstien yn in ôffolromte foar gemyske stoffen. Dêrtroch is de skûmblusynstallaasje yn wurking set. Nei alle gedachten is broei ûntstien yn in tonne mei poetsdoeken.

Yn earste ynstânsje waard grut alarm slein, mar doe't de brânwacht kaam, wie der allinnich reek te sjen. De brânwacht hat in neikontrôle dien en de romte fentileard. In skjinmakbedriuw moat it skom yn de ôffalromte opromje. Dat kostet 5000 euro.

It bedriuw oan de Energielaan docht oan transport en opslach fan ûnder oare gemyske stoffen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)