Trije ynwenners fan Wolvegea ferwûne by auto-ûngelok

05 jul 2015 - 12:38

Op de Vinkegavaartweg by Aldeholtpea binne sneintemoarn trije ynwenners fan Wolvegea ferwûne rekke, doe't de auto dêr't se yn sieten in pear kear oer de kop sloech. De auto bedarre dêrnei op in stik boulân.

De bestjoerster, in frou fan 25 jier, wie fan de Stellingenweg de Vinkegavaartweg op riden en de macht oer it stjoer kwytrekke. Sy en har twa passazjiers koene nei it ûngelok sels út de auto komme, mar de frou rekke letter út de tiid. Se is nei it sikehûs brocht. Ien fan de oare passazjiers, in man fan 21, is ek behannele yn it sikehûs.

De bestjoerster is in bloedproef ôfnaam, om te sjen oft se mooglik te folle dronken hat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)