Stellen boat stie al op trailer, dief oanhâlden

05 jul 2015 - 10:45

De plysje hat sneontemiddei op it lêste momint foarkomme kinnen dat op 'e Lemmer in boat stellen waard. In tsjûge seach dat in 26-jierrige man út Rutten yn de Koevordermeerstrjitte mei de boat dwaande wie. De boat stie doe al op in trailer efter de auto. De plysje hat de man oanhâlden en yn de sel setten, foar fierder ûndersyk.

Yn Snits is sneontenacht in wite, antike houten sloep stellen. De boat is 9 meter lang en hjit Jan Duffel, It Hearrenfean. Minsken dy't dêr mear fan witte, kinne belje mei de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)