Konsert Dokkum ferpleatst om waarsferwachting

05 jul 2015 - 10:16

It twadde sneintemiddeikonsert yn Dokkum wurdt snein ferpleatst fanwege de stevige buien dy't ferwachte wurde. Op it Grut Djip soe yn de iepenloft in optreden wêze fan de Boss Brothers, in Bruce Springsteen-tributeband. Dat optreden giet wol troch, mar no om 15 oere yn de oerdekte Bonifatiuskapel, sa hat de organisaasje sneintemoarn nei oerlis besletten.

Der waarden 1500 minsken ferwachte by it optreden. Oft dy no ek komme, is de fraach. De organisaasje besiket ûnder oare fia social media bekend te meitsjen dat it konsert ferpleatst wurdt.

De sneinskonserten yn Dokkum besteane 6 jier en wurde hieltyd op oare lokaasjes hâlden. Dit hiele jier stean de konserten yn it ramt fan tribute bands.

Trefwurden: 
konserten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)