Jonkje (4) swierferwûne by oanriding Ljouwert

05 jul 2015 - 08:20

Op de Koerierstersespel yn Ljouwert is sneontejûn in jonkje fan fjouwer slim ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. Dy auto waard bestjoerd troch in frou fan 59 út Sumar. It berntsje waard oanriden doe't it op de fyts siet.

Ambulânsepersoniel en in traumahelikopter hawwe earste help ferliend. Dêrnei is it jonkje nei it sikehûs brocht. De plysje ûndersiket wat de tadracht wie fan it ûngelok.

Trefwurden: 
oanriding
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)