Hollanners winne twakamp fan Fryslân by fierljeppen Burgum

04 jul 2015 - 18:03

De fyftichste jiergong fan de twakamp fierljeppen yn Burgum is sneon wûn troch de Hollânske ljeppers. De Hollanners fersloegen de Fryske ljeppers mei 2 meter en 9 sintimeter. By de manlju wie Bart Helmholt de bêste ljepper mei 19.95 meter. By de froulju slagge Marrit van der Wal der net yn har konkurrinte Dymphie van Rooijen te ferslaan. Van Rooijen ljepte nei 15.89 meter, Van der Wal waard twadde mei 15.63 meter. By de junioaren wie Erwin Timmerarends mei 19.73 de bêste. By de jonges ljepte Jesper Demmer fan Warkum trije kear in pr.

Syn fierste ôfstân 16.41. De Fryske senioaren wûnen mei in ferskil fan 1 meter en 53 sintimeter. Opfallend wie de misse dei fan topljepper Oane Galama. Hy gong fjouwer kear kopke ûnder. Yn de oare kategoryen wiene de ljeppers út Hollân krekt better. De Fryske froulju ferlearen mei in ferskil fan 1 meter en 25 sintimeter, de junioaren mei 1 meter en 39 sintimeter en de Fryske jonges mei 98 sintimeter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)