Partuer Boalsert wint NK junioaren yn Holwert

04 jul 2015 - 16:57

De 103e edysje fan it Nederlânsk kampioenskip foar junioaren yn Holwert is sneon in proai wurden foar Boalsert mei Peter van Zuiden, Hendrik Bouwhuis en Julian Faber. Yn de finale wie it trio mei 5-4 en 6-2 te sterk foar Sint-Jabik mei Enno Kingma, Rick Poortstra en Sjoerd de Jong. It wie foar it earst sûnt 1934 dat Boalsert de Jong Nederlân-partij wer wûn.

De lytse preemje wie foar Bitgum mei Yannick Hielkema, Henk Jan de Jong en Tjisse Steenstra. Sy gongen yn de heale finale mei 5-3 en 6-0 ûnderút tsjin Sint-Jabik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)