Undernimmers hoege net te beteljen foar simmerbewaking

04 jul 2015 - 15:51
  • It strân fan Skylge

De gemeente Skylge hat 10.000 euro ekstra beskikber steld foar de simmerbewaking yn West-Skylge en Midslân. De gemeente betellet al 20.000 euro. Troch de ekstra bydrage hoege de ûndernimmers finansjeel net by te dragen.

Nettsjinsteande de ekstra bydrage is der minder jild beskikber as ferline jier. De bewaking is op minder dagen oanwêzich. Mei de plysje is ôfpraat dat dy tenei oerdeis en op it strân kontrolearje sil op alkohol. Mocht bliken dwaan dat der dochs mear bewaking nedich is, dan hâldt de gemeente jild achter de hân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)