Strânwachten nimme harren posten wer yn op Waadeilannen

04 jul 2015 - 15:14

Op miskien wol de hjitste dei fan it jier binne de strânwachten fan de KNRM sneon mei harren wurk begûn op de Waadeilannen. Santich strânwachten binne de lêste moannen klearstoomd om de strannen fan Flylân, Skylge en Skiermûntseach yn de gaten te hâlden. Op It Amelân binne de strânwachten op fersyk fan de gemeente in wike earder al úteinset.

Nettsjinsteande de oanwêzigens fan strânwachten bliuwt de feiligens neffens Linde Jelsma fan de KNRM foaral in saak fan de badgasten sels.

Trefwurden: 
KNRM lifeguards strânwacht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)