Slang sjoen yn tún yn Ljouwerter wenwyk

04 jul 2015 - 13:29

De plysje yn Ljouwert siket de eigener fan in ûntsnapte slang. Ofgeand op de beskriuwing fan ferskate tsjûgen soe it gean om in Taiwaneeske rotteslang. De slang waard sneontemoarn sjoen yn in tún yn de Maria Luisastrjitte. De plysje hat mei bewenners nei de slang socht. It reptyl is noch net fongen.

Neffens reptylwinkel Repticura is de Taiwaneeske rotteslang sa ûngefaarlik as it mar kin. Hy is banger foar de minske as minsken foar him, seit meiwurkster Alie Leys.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)