Ynternasjonaal dûnsfestival yn tige waarm Burgum

04 jul 2015 - 13:25

It ynternasjonaal dûnsfestival yn Burgum ferrint oant no ta goed. It festival is op 1 july úteinset en duorret noch oant en mei snein. Dûnsgroepen út ûnder oare Sily, Botswana en Meksiko binne yn Burgum foar optredens.

Nettsjinsteande de waarmte is alles gewoan trochgien. Wol is de parade dy't sneontemoarn troch it sintrum fan Burgum gie, ynkoarte. Op ferskate plakken binne wettertaappunten delset.

Trefwurden: 
Burgum dûnsfestival
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)