Kâld dûse en ekstra wetter by dragraces yn Drachten

04 jul 2015 - 12:53
  • It fleanfjild yn Drachten dêr't de races plakfine
  • Dragraces yn Drachten

Nettsjinsteande de waarmte wurdt der sneon omraak raced op de airstrip yn Drachten. Foar it fjirtichste jier op rige binne dêr dragraces. Mear as twahûndert dielnimmers hawwe harren opjûn foar de wedstriden. Se komme út it hiele lân wei, mar ek út Dútslân en Ingelân.

De organisaasje hat ekstra maatregels troffen yn ferbân mei de waarmte. Der is ekstra wetter en der binne kâlde dûses. Oan de kant stiet minder publyk as oars. De measte minsken hâlde harren op by tinten op de camping en by wetterbadsjes om ferkuolling te sykjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)