Soccerdome krijt fergunning nei fersin gemeente Hearrenfean

04 jul 2015 - 11:05

Troch in flater fan de gemeente hat de fuotbalhal Soccerdome op It Hearrenfean no dochs in fergunning. Earder wie de fergunning foar de fuotbalhal wegere, om't dy net yn it bestimmingsplan passe soe. No blykt dat in brief fan Soccerdome mei in taljochting op de oanfraach, ek as fergunning jildt. De gemeente hie dat keare kind troch binnen acht wike te reagearjen, mar dat is net dien.

Der kin noch wol beswier makke wurde tsjin de oanfraach. Salang't der gjin útslútsel is, giet Soccerdome noch net iepen.

De fuotbalhal oan de Venus op It Hearrenfean hat earder wol iepen west, mar moast ticht op lêst fan de gemeente fanwege it bestimmingsplan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)