Drankrider út Ljouwert rekket rydbewiis kwyt

04 jul 2015 - 09:15

De plysje hat freedtejûn by in alkoholkontrôle yn Nijehaske it rydbewiis fan in 20-jierrige bestjoerder út Ljouwert ynnaam. De man foel op om't er slingerjend oer de Nije Fjildwei ried. De begjinnende bestjoerder hie net allinnich tefolle drank op, mar ferklearre dat er ek drugs brûkt hie.

Foar fierder ûndersyk is bloed fan de man ôfnaam. Der is boppedat proses-ferbaal tsjin de drankrider opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)