Winkels spylje sneon yn op de hjitte

03 jul 2015 - 22:06

Winkels yn ferskate plakken gean sneontemoarn earder iepen. Dat hat alles te krijen mei de waarfoarsizzing dat it in hiel waarme dei wurdt. De Echte Bakker Posthuma yn Wommels giet ek earder los. De winkel is al om sân oere iepen. Gewoanwei is dat acht oere. Dat betsjut dat de tariedings freed ek earder fan start gean moasten. Nettsjinsteande dat eigener Nyncke Posthuma sneon net in hiel soad drokte ferwachtet, is it dochs in waarme put wurk. Yn de bakkerij wie it freed goed 30 graden.

De ferwachting is dat de stokbôle sneon it meast populêr weze sil. Yn Frjentsjer binne de winkels sneontemoarn earder iepen gean om noch profitearje te kinnen fan de kuolte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)