17e edysje Masters It Hearrenfean foar partoer Van Zwieten

03 jul 2015 - 21:05

It partoer fan Menno van Zwieten, Dylan Drent en Hans Wassenaar hat de 17e edysje fan de Masters op It Hearrenfean wûn. Se wiene yn de finale te sterk foar Hendrik Tolsma, Taeke Triemstra en Pier Piersma. Yn in spannende finale joegen beide partoeren elkoar net mear as in earst ferskil, oan de ein ta. Van Zwieten en syn maten wûnen úteinlik mei 5-4 en 6-4. Beslissend momint wie op 4-4 en 6-6 gelyk, doe't Drent de bal boppe sloech. Op 5-4 en 6-4 sloech Tolsma de bal bûten.

De kening fan de partij waard Hans Wassenaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)