SC Cambuur kontraktearret jonge spits Valmir Berisha

03 jul 2015 - 19:04

SC Cambuur hat de 19-jierrige Sweedske spits Valmir Berisha kontraktearre. Berisha komt oer fan AS Roma en hat syn hantekening setten ûnder in oerienkomst foar ien seizoen mei in opsje foar noch in seizoen. Berisha is berne yn Albanië. Al op jonge leeftiid ferhuze Valmir Berisha nei Sweden om dêr te fuotbaljen by tal fan klups. Hy hat ek de Sweedske nasjonaliteit oannaam. Yn 2013 waard hy topskoarder fan it WK ûnder de santjin jier en fertsjinne sa de oergong nei AS Roma.

Ofrûne seizoen waard Berisha ferhierd oan it Grykske Panathinaikos. Valmir Berhisha stie yn de belangstelling fan in soad grutte Europeeske klups, mar hat dus foar Cambuur keazen. Berisha wie freedtejûn ek al as gast oanwêzich by de earste oefenwedstryd fan Cambuur tsjin DTD.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)