FIDEO: Foksejacht en pankoeken op lêste skoaldei

03 jul 2015 - 16:43

Op de measte Fryske basisskoallen wie it freedtemoarn in gesellige boel, om't de simmerfakânsje wer hast fan start giet. It prachtige waar soarge foar in moaie ôfsluting fan it skoaljier.

Op iepenbiere basisskoalle De Blinker yn Boalsert en kristlike basisskoalle Foareker yn Easterein stienen de foksejacht en it dwaan fan spultsjes sintraal. Lokkich wienen der ek in soad spultsjes mei wetter. Fansels wie der ek tiid foar pankoeken en dêrnei koenen de skoaldoarren dan einliks ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)