Automobilist yn dûkerpak oanholden foar stellerij túnmeubels

03 jul 2015 - 16:02
  • Ynbraak

Yn Snits is tongersdeitenacht in 29-jierrige man út Easterwâlde yn in dûkerpak yn syn auto oanholden. De man waard fertocht fan stellerij fan túnmeubels oan de Spikerboar. De dupearre bewenner seach de fertochte fuortriden en hat ferfolgens it kenteken fan de fertochte trochjûn oan de plysje.

Dy wie de man út Easterwâlde gau op it spoar. Hy hie yn alle gefallen tefolle dronken, mar ûntkende dat er wat mei de stellerij te krijen hie. Yn de auto fan de man waard gjin stellen guod oantroffen.

De man ferklearre fierder dat hy it dûkerspak oanhie, omdat hy by it wetter sitten hie en net woe dat syn gewoane klean wiet waarden. Hy is nei ferhoar wer frijlitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)