Online fideokanaal foar Rens Kroes oer itensieden

03 jul 2015 - 15:44

Rens Kroes fan Eastermar hat har eigen online fideokanaal krigen. Kroes skriuwt resepteboeken, mar begjint no ek in searje oer itensieden. De filmkes binne te sjen op makerschannel.com, dat is in webside dêr't bekende minsken in eigen platfoarm krije kinne.

It is dus net sa as by websides as YouTube, dêr't eltsenien filmkes publisearje kinne. Tongersdei is it earste filmke fan Kroes online kaam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)