Twadde Keamer: foar septimber oplossing fargeulproblemen

03 jul 2015 - 14:27

Minister Schultz moat fan de Twadde Keamer foar 1 septimber mei in plan komme foar de fearboaten tusken It Amelân en Holwert. Dy rinne by leech wetter oan de grûn of se moatte te stadich farre. Dêrom komme de boaten fan Wagenborg faak te let oan en sette net op tiid ôf. Dit is al jierren in probleem.

De minister wie fan doel om oer in jier mei in plan nei de Twadde Keamer te kommen, mar in moasje fan de PvdA en de VVD krige stipe fan oare keamerleden. Schultz sei ta om earder mei in plan te kommen.

Doel is om de swierrichheden earst foar de koarte termyn op te lossen. Der wurdt al neitocht oer de lange termyn. Wethâlder Nico Oud fan It Amelân is benijd wat der yn it plan komt te stean en oft it ek echt op koarte termyn útfierd wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)