Ynternasjonale studinten presintearje selsmakke wynturbines

03 jul 2015 - 13:50

Untwerp in lytse en effisjinte wynmûne. Dat wie de opdracht dêr't seis technyske hegeskoallen út Nederlân, Dútslân, Ingelân en Denemarken mei oan 'e slach giene. De resultaten binne freed presintearre by de NHL yn Ljouwert.

De wedstryd is in inisjatyf fan it lektoraat Wynerzjy, it kennissintrum 'Duurzame Energie' en de engineering-opliedings fan de NHL. Neffens lektor Gerard Schepers soe der sels in trochbraak by sitte kinne yn in nij model lizzende turbine.

Ien dêrfan is ûntwikkele troch Deenske studinten, dy't it yn de test-wyntunnel opmerklik goed die.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)