Brân yn meterkast fan wenning yn Wolvegea

03 jul 2015 - 12:06

Yn in hûs oan de Sonnekant yn Wolvegea hat freed oan de ein fan de moarn brân west. It gie om in brân yn de meterkast. Neist de brânwacht fan Wolvegea hat ek de heechwurker fan it korps fan It Hearenfean te plak west. It hûs stie fol mei reek en hat dêrtroch in soad skea oprûn.

De bewenner hat ek reek binnenkrigen doe't er besocht de brân sels te blussen. Hy is yn de ambulânse ûndersocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)