Evaluaasje guozzefergassing bliuwt foarearst geheim

03 jul 2015 - 11:12

It Fryske Gea hat it fergassen fan de guozzen hast in moanne lyn yn natuergebiet De Alde Feanen evaluearre. Direkteur Henk de Vries kin net sizze wat der út kaam is, om't der oanjefte tsjin de natuerorganisaasje dien is. It Fryske Gea hâldt der rekken mei dat as der útspraken dien wurde oer de útkomsten fan de ynterne evaluaasje, dat dy yn de oanklacht brûkt wurde.

Wat wol dúdlik is, is dat der tenei foarkommen wurde moat dat guozzen yn de fangkoai fertrape wurde kinne, sa as no bard is. It fergassen fan de guozzen wie in proef.

De fûgels soargje foar in soad skea yn de lânbou en dêrom wol de provinsje hjir wat oan dwaan. De provinsje is sels ek dwaande mei in evaluaasje, mar dy is noch net klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)