Kollum: "Alvestêdetocht"

03 jul 2015 - 10:53

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op freed de radiokollum fan Nynke Sietsma, freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tiidskriften en religywittenskipper. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûndert.

"As ik hjoed wartaal útsprek, komt it omdat myn harsens frituerd binne. It broeit hjir yn Den Haach, op meardere fronten.

It broeit hjir troch relskoppers dy’t de dea fan in Arubaan brûke om de ruten yn te slaan en it gloeit hjir omdat ús premier op ontploffen stiet en de relskoppers ‘achterlijke gladiolen’ neamt.

De stêd is benypt. It sil fannacht tink ik de earste nacht wêze dat ik gjín plysjehelikopter hearre sil. En dan binne de strjitstiennen hjir oerdei ek noch ris glûpende hyt.

Sitte jim al mei de poatsjes yn in fuottenbadsje? Wylst ik dit skriuw, plakke myn hannen oan it toetseboerd en sit myn kollega yn swimbroek op kantoar. Gjin gesicht mar je meie je net te drok meitsjen at it Nasjonale Hjitteplan yn wurking treden is.

Woansdei sieten we hjir yn it hytste stukje Nederlân. It wie op Balkonië yn de blakke sinne neffens my wol 40 graden. Yn alle gefallen wie it jûns om in oere as tsien 30 graden yn’e hûs, ek al hienen wy de hiele dei de ruten en gerdynen potticht hân. Krije je derfan, as je enerzy-label z hawwe.

Wy leinen dus yn de fentilator mei de poppe, en ús kat Sybrandt hong mei de bek oan de wetterkraan. Undertusken siet ik de krante te lêzen en krige ik it noch benauder doe’t ik in ynterview mei Gerrit Hiemstra lies. It gong oer de Alvestêdetocht.

Hy tinkt dat de kâns grut is dat er noait wer in Alvestêdetocht komt. Noait wer in Alvestêdetocht. It stiet er echt. Dat wisten jim fansels al lang, mar by my hakte it er no ynienen yn. Fan hjitte wurde je wat labiel no.

Gerrit Hiemstra seit: “Als je in de toekomst kijkt, moet je misschien concluderen dat die Elfstedentocht bijna nooit meer zal worden verreden. Ja jammer.”

Mar, seit er dan, as in soart fan goedmakkerke, “wat krijg je ervoor terug? De temperaturen worden misschien een stuk prettiger in Nederland. Het wordt warmer, de zomer wordt wellicht wat langer.” Ja, dat merke we al, dat it waarmer wurdt. No, doch my dan toch de Alvestêdetocht mar.

De kâns op in Tocht slinkt en slinkt, dat is wol bekend. Mar ik wist net dat it kânspersintaasje yn 2010 noch mar 5,5 prosint wie en dat it de kommende 35 jier net better wurdt. Hiel miskien komt der no ien kear yn de 18 jier in Tocht.

Allememaggies. Oer 18 jier gean ik rjochting de 55-jierrige leeftiid. Dan ha ik op syn minst swakke ankels. Of miskien binne we dan allang oerstreamd, je witte it net. Want as it trochset mei de klimaatferoaring, dan wurdt it 1 kear yn de 183 jier. Dan soe de earste Tocht yn 2100 riden wurde.

Ik fyn it nochal wat. Ik moat er eins wat fan treure. Noait wer dat swarte iis. En dy hearlike sfear op de Bonkefeart. Noait wer de saamhorigheid. Op it iis is eltsenien ommers gelyk: fan labbekakkers oant patjepeeërs. Noait wer de dommige Unox-mûtsen en oeral Koek & Zopie's mei Beerenburg.

En foaral: noait wer lange stikken sweve oer it iis en dat typyske lûd fan de snijende redens op it iis, tagelyk mei it rûzjen fan de wyn yn it reid. Dat sweven is hast ien fan de moaiste erfaringen fan myn jeugd, dat gefoel. It wie op in grutte sleat, ik tink earne by Earnewâld. Dat sweven oer it iis kin je rêstich in spiritueel momintsje neame. It gefoel dat je hielendal ien wurde mei it lânskip, mei it rûzjen, mei de wyn, mei it iis…

Ik dwaal ôf. Myn hitteplan foar moarn, want dan wurdt it ek wêr in brodzige, hite dei, ek yn Fryslân: ruten en gerdynen ticht, tillevyzje oan en de werhellings fan de alvestêdetocht sjen."

Folgje Nynke Sietsma op Twitter. Moandei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Nynke van der Zee.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)