Fryske jeugd sammelet hantekeningen fan hurdfytsers Tour

03 jul 2015 - 10:40

Tolve jeugdleden fan hurdfytsferiening Wadro Otto Ebbens út De Westereen hawwe tongersdei de dei fan harren libben hân. Sy mochten de hurdfytsers fan de Tour de France yn Utrecht opwachtsje by de ploegepresintaasje en harren fytsen oanjaan. De jonge fans hawwe dêrby in hiel soad hantekeningen sammele.

Ek de Fryske band Vangrail wie yn Utrecht. Sy fersoargen de muzikale begelieding fan de ploegepresintaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)