Ikeprosesjerûp oantroffen op It Hearrenfean

03 jul 2015 - 10:22

De gemeente Hearrenfean warskôget foar de ikeprosesjerûp. Der binne de ôfrûne wike ferskate nêsten fûn oan de Industriewei, Schoterlandseweg, rekreaasjegebiet De Heide en de Nijenhuiswei en de Prins Bernhardwei yn Oranjewâld.

De beammen dêr't de nêsten yn sitte, binne ôfset mei linten. De gemeente advisearret minsken om net yn de buert fan dizze beammen te kommen. In spesjalisearre bedriuw sil de nêsten sa gau as mooglik opromje.

De ikeprosesjerûpen ferlieze brânhierren en dy kinne by minsken en bisten soargje foar jokte, ûntstutsen eagen en sels foar koarts en longûntstekking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)