Gemeentebelangen en FNP litte wer ferstek gean

02 jul 2015 - 22:49

Opposysjepartijen Gemeentebelangen en FNP ha tongersdeitejûn wer net nei de gemeenteried fan Ljouwerteradiel west yn Stiens. Se sizze dat de wethâlders en de kolleezjepartijen ôfspraken meitsje sûnder de ynbring fan de opposysje serieus te nimmen. Dêrom is de kommissaris fan de Kening foar de twadde kear om in petear frege. Dy hat oanbean om te bemiddeljen, mar der woe de opposysje neffens de provinsje net oer prate. De FNP-leden stean achter de riedsfraksje mar wolle dat de riedsleden nei de fakânsje wer oanskowe by de gemeenteried.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)