Provinsje Fryslân sil kommende jierren faker nee ferkeapje

02 jul 2015 - 22:31

De provinsje sil de kommende jierren faker nee sizze tsjin in fersyk om jild. It jild dat de provinsje fertsjinne hat mei de ferkeap fan Nuon oan it Sweedske Vattenvall begjint dizze kolleezjeperioade dochs wat op te reitsjen. De ynkomsten rinne de kommende jierren behoarlik werom. Om dochs op nije ûntwikkelings ynspylje te kinnen, wurde der ek miljoenen euro's net útjûn en opsparre foar de takomst. Neffens deputearre Sander de Rouwe is der in kultueromslach nedich.

Dat makke hy dúdlik by de presintaasje fan de finansjele útwurking fan it koälysjeakkoart tusken CDA, FNP, VVD en SP.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)