Fûgelopfang smoardrok mei slachtoffers fan de hjitte

02 jul 2015 - 22:05
  • De opfang fan in pear jonge dowen

De fûgelopfang fan Petra van der Veen út Ljouwert hat it smoardrok mei piken dy't brocht wurde. It is de tiid dat jonge fûgels grut genôch binne om te probearjen om út te fleanen. Mar dat slagget faak net. En fanwege it waarme waar, komme se ek ûnder dakpannen wei en falle dan op 'e grûn. Dêr binne se in maklike proai foar katten of oare rôfdieren.

Minsken dy't begrutsjen ha mei de pykjes bringe se dan nei de needopfang. Dy jout de earste soarch, foardat se nei in grutte opfang gean, lykas De Fûgelhelling.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)