Frysman triatlon fan sneon nei snein troch it waar

02 jul 2015 - 20:57
  • Underdiel tiidrit fan Triatlon

De Frysman triatlon fan dit wykein by Reaklif wurdt ferpleatst fan sneon nei snein. Om sân oere moarns is de start. Mei temperatueren fan fier boppe de tritich graden dy't ferwachte wurde fynt de organisaasje it ûnferantwurde om dielnimmers en frijwilligers sa lang bleat te stellen oan de waarsomstannichheden.

It beslút soarget foar de organisaasje foar in soad ekstra wurk. Sa moatte bygelyks de frijwilligers no wol op snein kinne. En ek foar de dielnimmers is it ferfelend dat alles in dei letter is.

De gemeenten Súdwest-Fryslân en De Fryske Marren ha posityf reagearre op it beslút fan de organisaasje fan de triatlon en ha foar snein in fergunning ôfjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)