Ynternasjonale priis foar Fryske autogaraazje

02 jul 2015 - 20:26
  • Wybe Kooistra fan ABD nimt priis yn ûntfangst

In Fryske auto-dealer hat tongersdei yn London in priis fan Renault krigen foar de ferkeap fan elektryske auto's. Dêrmei hearre de garaazjes fan ABD ta de tweintich bêsten fan Europa fan dat merk wat elektryske auto's oanbelanget. Direkteur Wybe Kooistra hat de priis persoanlik yn ûntfangst naam yn Londen.

It bedriuw ABD waard yn 1975 yn Drachten oprjochte. No binne der ek fêstigings yn Ljouwert, It Hearrenfean, Dokkum en Snits. De grutte dealer hat 130 meiwurkers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)