Slachtedyk Hurdegaryp bliuwt iepen foar fytsers en rinners

02 jul 2015 - 19:33

De Slachtedyk yn Hurdegaryp bliuwt iepen foar fytsers en fuotgongers. Der komt in tunneltsje. Dat hawwe deputearre Johannes Kramer en wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel ôfpraat. Sy hawwe dêroer oerlein mei Doarpsbelang Hurdegaryp.

De spoaroergong by de Slachtedyk soe earst hielendal ôfsletten wurde. Dat moat fanwege feiligenseasken foar de takomstige sneltrein tusken Ljouwert en Grins. No giet de Slachtedyk allinnich ticht foar auto's.

As kompensaasje foar de oergong op de Slachtedyk moat de spoarweioergong by de Goddeleaze Singel by Feanwâlden wol ticht. Dêr komt ek in fytstunnel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)