"Rekôr hege temperatueren yn Fryslân"

02 jul 2015 - 17:56

It hat yn Fryslân noch nea sa waarm west as tongersdei. Dat seit waarman Pyt Paulusma. Op ferskate plakken yn de provinsje binne rekôrtemperatueren metten. Yn Ljouwert wie it 34 graden. It âlde rekôr út 2003 stie op 33,5 graden. Op Skylge waard it rekôr oant no ta mei in tsiende graad ferbrutsen ta 31,4.

Yn Boalsert hat it ek noch nea sa waarm west. Dêr kaam it kwik op 34,5 graden te stean. It âlde rekôr út 2014 stie op 33,3 graden.

Offisjeel stie it waarmterekôr yn ús provinsje op 35 graden. Tongersdei waarden op guon plakken yn de provinsje noch wol hegere temperatueren metten. Yn Lippenhuzen waard it neffens waarnimmers 35,7 graden, en yn Bakkefean sels 36,8.

It is noch net dúdlik oft de hege temperatuer as nij rekôr de boeken yn giet. Neffens waarhistoarikus Klaas Ybema moatte waarstasjons oan bepaalde betingsten foldwaan foardat in rekôr offisjeel is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)