Winkels yn Frjentsjer sneon earder iepen fanwege waarmte

02 jul 2015 - 17:27

De measte winkels yn Frjentsjer sille sneon folle earder iepen as oars. Dat hat te krijen mei de waarmte dy't foarsein wurdt. De Frjentsjerter ûndernimmers wurkje mei in saneamd troperoaster. Om 07.30 oere gean de winkels iepen oant sawat 15.00 oere.

De ferwachting is dat it sneon in brodzige dei wurdt mei temperatueren om de 32 graden hinne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)