Kiehool Burgum kin ferbouwe mei help fan provinsjejild

02 jul 2015 - 16:56

It buertsintrum Kiehool út Burgum krijt 50.000 euro út it Mienskipsfûns fan de provinsje Fryslân. It jild is bedoeld foar ferbettering fan it gebou.

Kiehool is in âlde boerepleats, mei in soad opstapkes en treppen, dy't net geskikt is foar âlderein. Fan dit jier ôf is it buertsintrum ek ferantwurdlik foar âldereinwurk. It gebou wie eartiids allinnich bestimd foar jongerein en minsken mei in ferstanlike beheining. Mei it jild krijt de boerepleats in nije oanbou dêr't aktiviteiten organisearre wurde kinne foar âlderein.

Fyftjin oare inisjativen yn Noardeast-Fryslân hawwe ek subsydzje krige út in Mienskipsfûns.

Trefwurden: 
Burgum Kiehool mienskipsfûns
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)