Drachtsterbrêge stremd foar skipfeart fanwege hjitte

02 jul 2015 - 16:50

De Drachtsterbrêge yn Ljouwert wurdt op dit stuit net betsjinne foar it skipfeartferkear. Troch de hjitte sit de brêge fêst. De provinsje Fryslân, dy't ferantwurdlik is foar de brêge, kin net oanjaan hoe lang oft it mankemint duorret. De hichte om ûnder de brêge troch te farren leit op 5,20 meter en is it streefpeil.

Earder tongersdei waard troch de provinsje al oanjûn dat njoggentich brêgen yn de provinsje skerp yn de gaten holden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)