Lodeweges hechtet wearde oan oefenwedstriid

02 jul 2015 - 15:50

SC Hearrenfean spilet tongersdeitejûn syn earste wedstriid fan it seizoen tsjin earsteklasser Bûtenpost. De spilers sille yn dizze oefenwedstryd omgean moatte mei it waarme waar, al tilt trainer Dwight Lodeweges dêr net al te swier oan. "Dan moeten we maar geen rare dingen gaan doen". Om de wedstriid fanwege de temperatuer net trochgean te litten wie foar Lodeweges gjin opsje. "Als we niet spelen lopen we een achterstand op in de voorbereiding. We moeten vol aan de bak."

De wedstriid begjint fanwege de waarmte wol in healoere letter, no om healwei achten. Boppedat sil de wedstryd in pear kear stillein wurde om wetter te drinken. It organisearjen fan topwedstriden yn Bûtenpost is al jierren in tradysje. Ajax wie de earste tsjinstanner dy't yn 1984 op besite kaam. Mar ek û.o Barcelona, Valencia, Feyenoord, PSV en KV Mechelen wiene alris te gast.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)