Nije toeristekaart en nij sanitêr gebou yn Dokkum

02 jul 2015 - 13:22

Yn Dokkum wurdt tongersdeitemiddei in toeristyske kaart fan de stêd presintearre. Dêr stiet ek in nij sanitêrgebou foar boatsjeminsken op, dat dan iepene wurdt. Yn it gebou sitte húskes, in ynvalidehúske en in dûsgelegenheid. It gebou is foar elkenien tagonklik, dus net allinnich foar boatsjeminsken, mar ek foar fytstoeristen en Dokkumers sels.

De sanitêre foarsjenning makket diel út fan in grutte opknapbeurt fan de wetterwegen yn Dongeradiel: it Súd Ie-wetterfront.

It Súd Ie-wetterfront is in gearwurkingsferbân fan de gemeente Dongeradiel, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân. Doel is om de Súd Ie fan Dokkum nei de Lauwersmar wer befarber te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)