Skiep mei de skrik frij nei brân yn skuorre Achlum

02 jul 2015 - 11:09
  • Alle skiep kamen mei de skrik frij

Oan de Monnikewei yn Achlum is tongersdeitemoarn brân útbrutsen yn in frijsteande skuorre. Omdat der nei alle gedachten in keppel skiep yn de skuorre wie, is de brânwacht mei ferskate weinen útrukt. Op lokaasje die bliken dat de eigener de brân foar in grut part al sels blust hie.

De brânwacht hat noch neiblust en de skuorre kontrolearre. De skiep lykje yn oarder te wêzen.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)