Strânwachten fan sneon ôf paraat op eilannen

02 jul 2015 - 10:28
  • It strân fan Skylge

De KNRM lifeguards binne fan sneon ôf wer aktyf op de strannen fan Flylân, Skylge, it Amelân en Skiermûntseach. De rêdingsposten binne alwer opboud op de strannen. De strânwachten wurkje oant en mei 30 augustus alle dagen. Allinnich op it Amelân bliuwe se langer: oant en mei 13 septimber.

Njonken rêdingswurk jouwe de strânwachten ek foarljochting en ynformaasje oan besikers op it strân. Ferline jier moasten de lifeguards yn it hiele lân hast 1700 kear yn aksje komme.

De strânwachten jouwe ek oan of it wol as net feilich is om de see yn te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)