Famke (16) rekket ferwûne by oanriding op It Hearrenfean

02 jul 2015 - 10:24

In 16-jierrich famke fan It Hearrenfean is woansdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Sponturf yn har wenplak. It famke wie op 'e fyts en woe de dyk oerstekke doe't se oanriden waard troch in auto. De 44-jierrige automobiliste út De Westereen joech it slachtoffer gjin foarrang.

It famke is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
oanriding famke ferwûne fyts
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)