Tim Douwsma as 'bekende Fries' yn Expeditie Robinson

02 jul 2015 - 09:40

Tim Douwsma is ien fan de kandidaten yn Expeditie Robinson 2015. De 27-jierrige Wynjewâldster is dêrfoar ôfreizge nei de Filipinen foar de opnamen fan it aventoereprogramma. Douwsma is de tredde kandidaat dy't troch RTL 5 bekend makke is.

Earder waard bekend dat sjongeres Sharon Doorson, (bekend fan The Voice of Holland) en Ronnie Flex meidogge. Flex stiet op dit stuit tegearre mei Lil' Kleine yn de hitlisten mei de hit Drank & Drugs. Douwsma makke syn dielname bekend yn it programma RTL Boulevard.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)