'De Streekboer' iepenet testlokaasje yn Nijhoarne

02 jul 2015 - 08:40

Hiel Fryslân moat ite út de eigen streek. Alteast, dat fine fjouwer jonge ûndernimmers út Nijhoarne. Dêrom iepenje se tongersdeitejûn yn Nijhoarne harren konsept 'De Streekboer'. De ûndernimmers wolle boeren en konsuminten byinoar bringe. De boeren wolle sa in nije merk kreëarje foar pleatslik produsearre iten en de minsken stimulearje om iten út eigen streek te iten.

It plan is om boeren en konsuminten op fêste tiden byinoar te bringen. Dit konsept wurdt dizze simmer test yn Nijhoarne.

It is net de bedoeling dat it by Nijhoarne bliuwt. As it oan de inisjatyfnimmers leit, kin takommend jier hiel Fryslân maklik oan iten út eigen streek komme. "De minsken wolle hjoed-de-dei graach witte wêr't har iten weikomt en hoe't it makke wurdt", seit oprjochter Janco Heida.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)