Fierljepper Thomas Helmholt pakt deititel yn Bûtenpost

01 jul 2015 - 23:37

Fierljepper Thomas Helmholt is dwaande mei in sterke come-back. Earder dit seizoen bruts hy in tean en moast in soad wedstriden misse. Hy degradearre út de topklasse nei de A-klasse, mar woansdei wie hy mei 19.93 de fierste fan de jûn. It betsjut syn earste deititel dit seizoen. Topklasser Nard Brandsma kaam yn de finale it tichtste by mei 19.45.

By de froulju gie de winst nei Marrit van der Wal (15.23) en Sytse Bokma wie de sterkste junior mei 18.98. Sigrid Bokma wûn by de famkes (14.72) en Jos Bethlehem (15.79) pakte de jongestitel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)