Foarrinner fan kroade nei Frysk Lânboumuseum

01 jul 2015 - 18:46
  • Langkret

It Frysk Lânboumuseum hat in 'langkret' krigen. Dit type kroade die ieuwenlang tsjinst op de pleats en waard letter ferfongen troch de hegere bakkroade. Dit model komt út Gaast en is om 1930 op de pleats kommen. It is yntinsyf brûkt, benammen de linkerkant is oan de boppekant ôfsliten troch it omkipen.

De sydkanten en triuwbomen binne út ien planke seage. De sydkanten binne ferbûn troch in boaiemplaat en in foar- en achterskot. Dit type goedkeape kroade ferdwûn doe't der oan de ein fan de 19de ieu kroadefabriken kamen.

De kroade is snein 5 july yn it museum te sjen op de trekkerdei yn it museum yn Earnewâld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)