Soad nammen betocht foar nije fúzjegemeente

01 jul 2015 - 15:50

Der binne 515 nammen yntsjinne foar de nije gemeente dy't ûntstiet út in fúzje tusken It Bilt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en in diel fan Littenseradiel. It giet om suggestjes dy't ynwenners dien hawwe nei in oprop.

In spesjale kommisje sil no trije nammen selektearje. Dy wurde yn septimber foarlein oan de ynwenners fan de nije gemeente. Dy meie fia ynternet of mei in stimkaart har foarkar oanjaan. De nije gemeente ûntstiet mei yngong fan 2018.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)